Sealen

Yn alle sealen kin in dvd spiler brûkt wurde. Oare fasiliteiten: WiFi (nim dyn eigen laptop mei!), beamer, telefyzjes, muzykynstallaasje, piano, spultsjes, biblioteek.

Brêge Seal

De Brêge Seal is in rûne, ljochte konferinsjeromte en is fan alle gemakken foarsjoen. Der is in grut terras omhinne. De Brêgeseal kin sawol brûkt wurde foar saaklike byienkomsten as Zen-meditaasje, yoga of in skilderkursus. Kinst hjir yn alle rêst fergaderje of wurkje mei in kursusgroep oant maksimaal 30 persoanen. Beskikber binne: DVD, beamer  flipover, muzykynstallaasje.

Roefke Seal

Dizze rekreaasjeseal, mei in soad hout ynrjochte, fynst yn it Roefke. In tige geskikte seal foar skoallen mei muzykynstalaasje en fjildwurkkast. De seal is geskikt foar 60 persoanen.

It Bopperom

In sfearfolle groepsromte mei iepen hurd, piano, telefyzje, DVD en muzykynstallaasje, mei in terras op it suden. De romte jout plak oan 80 persoanen en is geskikt foar groepen, kursisten of famyljes dy’t op in noflike wize by inoar wêze wolle.

It Rom

Mei-inoar ite yn It Rom, dat heart by de filosofy fan de Folkshegeskoalle. Ite dochst mei-inoar mei de oare gasten. Wy litte dy graach genietsje fan al it goede fan de ierde. Ast wolst siere we fegetarysk.

De Rondte

Sûnt de simmer fan 2017 hat de Folkshegeskoalle in prachtich iepenloftteäter. Realisearre as plak foar de eilanner folksdûnsers om harren simmerdemonstraasjes hâlde te kinnen. Dat moaie plak is ûnder oare geskikt as dûnsromte, yogaromte, leslokaal en teäter.