Yoga wykein op Skylge

De dunen en it strân fan Skylge binne it ideale dekôr foar yoga. By de Folkshegeskoalle biede wy dy mooglikheid it hiele jier troch. Us lokaasje oan de râne fan Wrâlderfgoed de Waadsee is in oaze fan rêst, wêrtroch 't it in prachtich plak is foar yoga wykeinen - en wiken - op Skylge.

Yoga wykeinen en wiken op Skylge 

Skylge is in útnoegjend plak foar yoga. Sadree ' tst de boat opstapt, litst alles even los. By oankomst by de Folkshegeskoalle komme je noch djipper ta rêst. Us lokaasje is ferskûle yn de bosken fan Hoarne. Hjir wurdt men omjûn troch it rûzjen fan de beammen, wylst men de frisse lucht ynazemet. Fan de Folkshegeskoalle ôf kuierje je sûnder muoite de dunen yn, fiele je de wyn troch it hier en litte je it lêste bytsje stress efter je.

Us yoga wykeinen en wiken drage by oan dy ûnderfining. Us lichte, rûne Brêgeseal en it oangrinzjende terras binne in moai plak om de moarn te begjinnen mei in yogasesje. De wykeinen en wiken dy 't yn it foarjier en de simmer plakfine, spylje harren ek meastal ôf yn de dunen en op it strân. By de savasana list dy mei fiere troch de lûden fan de see.

Oer de Folkshegeskoalle

Nei de Twadde Wrâldoarloch ferskynden yn hiel Nederlân folkshegeskoallen, dêr 't minsken byinoar kamen om inoar te moetsjen en harren kulturele identiteit te ferkennen. Folkshegeskoalle Schylgeralân is de iennige dy 't yn stân bleaun is. No is it in plak dêr 't minsken fan alle leeftiiden gearkomme foar allerhanne kursussen en workshops. Ek fine se hjir besinning yn muzyk, kreativiteit, de natuer en noch folle mear.

De Folkshegeskoalle is dêrneist in noflik plak foar in fakânsje yn ien fan ús apparteminten en keamers. Ek is it al jierren in dierbere bestimming foar de jongerein fan Fryslân mei simmerkampen, dêr ’t sy tegearre bûten boartsje, lykas generaasjes foar harren ek diene. Wat ús akkommodaasjes ekstra bysûnder makket, is dat se diels boud binne op de fundaminten fan de Atlantikwall, bunkers dy 't weromgean oant de Twadde Wrâldoarloch. Boppedat wurde ús gasten bedoarn mei lichte mielen, mei lokale en farske yngrediïnten en mei soarch klear makke troch ús koks.